De FNP Steatefraksje hat in soad fragen by de opfolging fan de heechlearaar Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. De kommende jierren sil ûndersyk en ûnderwiis yn de Fryske taal net langer yn hannen wêze fan in heechlearaar, mar fan in universitêr dosint. De FNP stelt skriftlike fragen en fernuveret him der bot oer dat it kolleezje fan Deputearre Steaten him sa maklik by de keazen oanpak dellein hat.
Nuvere flaters op de side oer de Gysbert Japicxpriis E. Hettinga hat de priis net foar syn hiele oeuvre krigen mar foar syn fersen as Dichter fan Fryslân. Lês fierder by Cornelis van der Wal op Twitter… Lês fierder
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste Fryske literêre priis, dy't yn 1947 ynsteld is en tsjintwurdich om it jier útrikt wurdt, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is. Gysbert Japicx De advyskommisje bestiet út: • Rieuwert Krol, redakteur fan it literêre weblog Tzum; • Jelma Knol, redakteur fan tydskriften en boeken ...
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen? Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijksenieuwsbrief.