Ik moast etiketten ha foar myn fotomappen. Mar dy koe ik net fine yn de mega grutte boekwinkel dêr't je eartiids in bibleteek yn ha koenen. De boekwinkel yn myn jeugd wie in lyts skiterich winkeltsje, mar se hiene dêr wol etiketten. Ja, wat hiene se dêr net? Koesty de kont der hast net keare, mar álles wie der dêr't je doe ferlet fan hienen. BIC balpennen, potleaden, vulpennen, blauwe, swarte, sels reade inket, puntsjeslipers, gumkes, kleurpotleaden, nytsjes, ilastykjes, lym. Tekenboeken, ...