DINGtiid is yn in brief oan Rijksuniversiteit Groningen op 'e nij kritysk op de wize wêrop't ynfolling jûn is oan de learstoel Frysk. It advysorgaan neamt de omgong mei de universitêre frisistyk oan de universiteit "skansearjend foar de status fan it Frysk as twadde rykstaal." De oanlieding foar it brief binne soargen dy't 'ferskate maatskiplike organisaasjes' mei DINGtiid dield hawwe. Op 19 oktober makke de universiteit bekend dat ...