Yn har wenplak Reduzum is tongersdei dichteres en skriuwster Baukje Wytsma ferstoarn. Der wie neat dat derop wiisde. Yn de dagen foar âld en nij hie se freonen en goekunde op 'e hichte brocht fan in útstelde rêchoperaasje, dy't begjin jannewaris wêze soe. De skrik siet der by harren dan ek goed yn doe't freed it nijs kaam dat it hert it bejûn hie. Hja wie 76 jier. Se lit in freondinne, twa dochters, fjouwer beppesizzers en twa oerbeppe-sizzers efter.
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen? Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijksenieuwsbrief.