Ha jimme ek lêst fan in byleauwe? No, ik ek net. Ik soe se net leafst de kost jaan wolle, de sporters dy't lyk foar in wedstriid sa harren eigen manierke hawwe om de geunsten fan it gelok wekker te roppen. Op ien foet hinkelje, ien, twa, trije krúskes útbyldzje, de bal tútsje, dy iene rutense ûnderbroek oan… Ik wit dat se der binne, sporters dy't foar in wichtige wedstriid perfoarst gjin seks hawwe moatte, nea mei nûmer 13 spylje wolle, inkeld en allinne yn in shirt mei nûmer 14 omdangelje ...
As wy yn it âlderlik hûs yn Boalsert wat kwyt wiene, en dan praat ik oer lang ferlyn, dan seinen wy al sykjend dit ferske op: 'Heilige Antoanius, trouwe vriend, maak nou dat ik myn … werom fyn.' En dan koe it om fan alles gean, in knoop fan 'e jas/in breipatroan/dy iene sok/in boek/brief/pinne/mûtse/puntesliper/favorite knuffel/… Neam mar op. Dat ferske wie eins in soartemint fan mantra, avant la lettre. Broerkes en suske, allegear moasten se meihelpe om te sykjen. En dan gie it yn koar ...
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen? Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijksenieuwsbrief.