Ha jimme ek lêst fan in byleauwe? No, ik ek net. Ik soe se net leafst de kost jaan wolle, de sporters dy't lyk foar in wedstriid sa harren eigen manierke hawwe om de geunsten fan it gelok wekker te roppen. Op ien foet hinkelje, ien, twa, trije krúskes útbyldzje, de bal tútsje, dy iene rutense ûnderbroek oan… Ik wit dat se der binne, sporters dy't foar in wichtige wedstriid perfoarst gjin seks hawwe moatte, nea mei nûmer 13 spylje wolle, inkeld en allinne yn in shirt mei nûmer 14 omdangelje ...
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen? Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijksenieuwsbrief.