Bob hie in Schokker wêze kinnen. Eigenwiis as myn bruorren, stiifkoppich as myn soannen, sterk as myn omkes, slûchslim as alle froulju fan ús slachte en bytiden krekt sa ûnnoazel as dizze skriuwende Schokker. Bob hat lykwols op syn minst ien eigenskip dy't net yn ús famylje foarkomt: hy is neuroatysk. No ja, yn de oantroude fleugel sitte der faaks guon mei dy oanwenst. Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
It moat oars … God, de barokke Yn 'e Katedraal Fan Malaga Soarget goed Foar elk minske Ik sjoch in wûnder Fia Spaanske byldhoukeunst De aartsbiskop fan Lima Makket in sike yndiaan better Dy't der by leit as de Krúsling sels Gleon hantsje derop…klear! Earst bringt ús Señor sykte En as in echte Hear: Nea dea Gjin sykte mear Bûten de pûst Sûnder taal Hâld ik ho Op Machu Picchu Ik sjoch Bloed, slangen Sinne … Viracocha Betsjoen my Mei in nij Skeppingsferhaal… ...
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen? Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijksenieuwsbrief.