Taalwittenskipper Femke van Seijen fan de Fryske Akademy wurket oan in ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk. Sy docht dit yn it ramt fan it ynternasjonale projekt 'Multilectal Literacy in Education' dat ûnder lieding stiet fan prof. dr. Øystein A. Vangsnes fan de UiT Arctic University of Norway. Prate jo Frysk en Nederlânsk en wolle jo Van Seijen en har kollega's helpe nije ynsichten te krijen oer hoe't de talen sprutsen wurde? Dan hearre we dat graach. Lês fierder ...
Yn it wittenskiplik tydskrift European Journal of Literary Studies is in literatuerstúdzje opnommen fan de hân fan Eric Hoekstra, ûndersiker by de Fryske Akademy. Hy skreau in artikel oer it koarte ferhaal 'Britting, de gûchelder – In tobinnenbringen' (1899) fan de Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824 -1906), dêr't er fan seit dat it in literêr masterwurk is. Yn it koarte ferhaal presintearret Van der Meulen in nei't it liket ûnskuldich tinkskrift oer in frjemdling, ...
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen? Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijksenieuwsbrief.