Doorgaan naar hoofdcontent

Marathon

Marathon
Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr't se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan 'e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn 'e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.… Lês fierder
 
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen?
Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijkse nieuwsbrief.