Doorgaan naar hoofdcontent

Teleks: Sprekkers socht foar 12e Dei fan de Fryske taalkunde op

Teleks: Sprekkers socht foar 12e Dei fan de Fryske taalkunde op
It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tolfde kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy't ta de West-Germaanske taalfamylje behearre. Sjoch foar mear ynformaasje by It Nijs… Lês fierder
 
Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox ontvangen?
Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijkse nieuwsbrief.