In grize, mistige moarn slút aardich oan by myn moedstastân op dizze 6 novimber. Fannacht dochs sa no en dan even op myn mobyltsje sjoen hoe't it yn Amerika gie. Dat hie 'k better net dwaan kind … Menno ter Braak (1902 – 1940) makke nei de Nederlânske kapitulaasje op 14 maaie 1940 in ein oan syn libben. Neist syn skriuwerskip wie er in bûtengewoan skerpsinnich sjoernalist en essayist. Wêrom't er net fierder libje woe is noait alhiel dúdlik wurden. Wol dat er mei de tanimmende driging fan it nasjonaalsosjalisme al mar depressiver waard. As gjin oar seach er hokker weagen fan ûnfoarstelbere ûnminsklikens en stompsinnigen oer ús kontinint rôlen. Yn ûnder mear 'Het Nationaal Socialisme als rancuneleer' (1937, koartlyn op 'e nij útjûn mei in ynlieding fan Bas Heijne), ûntmaskere er de folsleine idiotery derfan. De parallellen mei hjoed-de-dei binne om mear as grutte soargen oer te hawwen. Nei 1945 en hielendal mei de fal fan de Sovjet Uny tochten we dat it einlings de goeie kant op gean soe mei de beskaving en al mar mear demokrasy. Nee dus, noch altyd litte in soad minsken harren ynpakke troch it geswets fan op macht beluste suzjetten. Dy't boppedat elkoar mear en mear witte te finen en elkoar de bal tasmite mei militêre help en alle tinkbere technyske mooglikheden. Moai wat jild mei te fertsjinjen, tinkt ek Musk. Goed foar it wolwêzen fan it minskdom? Dat wurdt de minsken mei moaie ferhalen gewoan wiismakke. Mannichien trapet deryn en it giet mar troch. Politike lieders mei inkeld machtsstribjen foar eagen slepe sa hiele kloften, soms komplete naasjes mei yn dea en ferdjer. Xi Jingping, Poetin, Loekasjenko, Maduro, Kim Jong-un, Iraanske ayatollahs binne al langer net fuort te baarnen, mar ek yn fêstige demokrasyen sjogge guon lieders kâns om it folk in rêd foar eagen te draaien. Wierheid, wolwêzen, feiligens foar eltsenien, each foar de fersmoarging fan de wrâld ensafuorthinne, driigje hoe langer hoe mear út it sicht te reitsjen. Ek yn eigen lân? Hoe bewust fan ús frijheid en ferantwurdlikheden binne we noch? Of giet it hjir ek mear en mear de kant út fan eigen folk earst en hâlde wolle wat we hawwe? Hoefolle rint ús de grize oer de grauwe as de lieder fan de grutste partij – o nee, der is gjin partij, blykber hoecht dat net – dy't nei syn ferkiezingswinst útropt: 'De zon gaat weer schijnen, Nederland is weer van ons …' Hoe dom wolle je it ha? Kollumnist Sander Schimmelpenninck fan de Volkskrant fynt dat we net rêste moatte om, wat hy 'domrechts' neamt, kontinu mei harren dommens en koartsichtigens om de earen te slaan. Soe 't helpe? Ik betwifelje it. Gâns minsken, ûnder oaren wittenskippers, sizze wol dat nei alle gedachten hiele kloften, miskien sels de mearsten, yn wêzen hielendal net sitte te wachtsjen op it gebalt fan rjochts. Mar yn harren eangst en ûnbehagen, of soms gewoan út ûnnoazelheid of koartsichtigens, rint men wol achter it geswets en geliich fan minsken as Trump oan. Dy krije dêr fia de media ek alle gelegenheid ta. Yn syn nijste boek 'Nexus' leit de de Israëlyske histoarikus Yuval Noah Harari út hoe't dat yn syn wurk giet, en de Amerikaanske sjoernalist en histoarikus Anne Applebaum makket yn 'Autocratie bv' dúdlik hoe't in hiele klyk fan autokraten, oligargen en mear fan dat yllústere folk dwaande is de wrâld yn syn greep te krijen. Mar ja, wurde sokke boeken wol genôch lêzen? De wierheid soe in skel lûd ha moatte … mar it hat der alle skyn fan dat men dêr al rille gau de eagen foar slút en de fingers yn 'e earen docht: fierstente yngewikkeld. De yllúzje fan bombastyske fantasij-fiersichten slacht blykber mear oan. Miskien soene tsjinlûden wat begrypliker en boartliker moatte, sa as Van Kooten en De Bie dat diene. Mar nee, dat komt dan benammen wer by in beskate groep telâne, dy't dat no krekt net nedich hat. As yn Amerika bepaalde stjoerders en kranten ferbean wurde en nei foarbyld dêrfan hjir de Publike Omrop, binne we noch fierder fan hûs. Wilders wol niks leaver as ferlost wurde fan dat 'tuig van de richel'. Sa fier litte we it hjir dochs net komme? Mar lykwols is by my no wol deeglik sprake fan eangst en ûnbehagen. Ek by mear, sa blykt wol út de stream tillefoantsjes en appkes fan freonen en goekunden … |