Elkenien dy't op 'e siik is nei de betsjutting fan in Sealterfrysk wurd, hat no tagong ta trije wurdboeken fia de app Saterfriesisches Wörterbuch. Njonken it al besteande Saterfriesisches Wörterbuch fan Dr. Marron C. Fort binne twa ekstra wurdboeken taheakke. It Näi Seelter Woudebouk fan Pyt Kramer joech tige detaillearre ynformaasje oer Sealterfryske wurden dy't mei de letter A oant en mei I begjinne. It ek troch Kramer skreaune Formen-Wörterbuch des Saterfriesischen jout ynformaasje oer de mannichte fan dialektfoarmen en útspraakfarianten fan de Seaterfryske wurdskat. Lês fierder by Goeie |