Doorgaan naar hoofdcontent

De FNP en de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2021

FNP
De FNP en de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2021
Yn maart mei elk dy't dat wol wer stimme foar de Twadde Keamer. Lykas alle oare jierren ropt dat ek wer de fraach op: wat docht of fynt de FNP? Lit dúdlik wêze dat de FNP GJIN stimadvys jout. Yn ús partij binne einliks de measte streamingen wol fertsjinwurdige. Soks makket dat wy der ek hoeden mei omgean moatte.
Lees verder

FNP en CDA: Stypje de amateurkeunst yn Fryslân
Koartlyn hawwe de provinsje en de gemeenten in brief fan de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF) krigen. Yn it brief wurdt in berop dien op stipe troch de oerheid oan de muzykkoepel. Troch koroana geane tal fan aktiviteiten net troch en reitsje de oansletten ferienings leden kwyt. FNP en CDA wolle fan de Provinsje Fryslân witte wat dy dwaan kin om de amateurkeunst yn `e folle breedte yn `e mjitte te kommen, al dan net yn gearwurking mei de gemeenten yn Fryslân.
Lees verder

PvdA en FNP wolle in oplossing foar de lûdoerlêst troch definsjeradar
De nije SMART-L radar fan Definsje soarget foar oerlêst by de ynwenners fan Wier. Dy nije radarynstallaasje makket folle mear leven as syn foargonger. Yn `e nacht wurdt de radar no útskeakele, mar dat is gjin strukturele oplossing tsjin de oerlêst. "Nei de petearen dy't wy hân hawwe mei de bewenners meitsje wy ús soargen oer de minne kommunikaasje foar it ferfangen en de oerlêst dy't de nije radar no feroarsaket", sizze de Steateleden Erik de Groot (PvdA) en Sijbe Knol (FNP).
Lees verder