Doorgaan naar hoofdcontent

Algemiene ledegearkomste FNP 2021

FNP
Algemiene ledegearkomste FNP 2021
Hjir kinne jo ynlogge om yn de gearkomste te kommen
Lees verder

Plaid Cymru en de ferkiezing yn Wales
Plaid Cymru is in sosjaal-demokratyske partij yn Wales. Oprjochte yn 1925, stiet de partij foar in ûnôfhinklik Wales. Sy stride ek foar in twatalige mienskip (Welsk en Ingelsk) mei respekt foar gelikensens op alle mêden, sa as taal, kultuer, seksualiteit en sosjale eftergrûn. It miljeu is ek in wichtich part fan it program fan Plaid Cymru. Jill Evans wie foarsitter fan Plaid Cymru tusken 1994 en 1996. Sy wie sûnt 1999 lid fan it Europeeks Parlemint foar Plaid Cymru, oant Brexit ta. Sy set har yn foar de definsje fan it Welsk en siet as Europeesk Parlemintariër yn de miljeukommisje. Jill fertsjintwurdiget Plaid Cymru ek yn it bestjoer fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA).
Lees verder

FNP en PvdA wolle reinwetter opfange: in ton foar in tonne
De FNP en de PvdA komme ein juny mei in moasje om 100.000 euro beskikber te meitsjen foar in regeling wêrmei't stimulearre wurdt dat húshâldings in reintonne oanskaffe. Sa kinne ynwenners fan Fryslân himelwetter fêsthâlde en in soad wetter besparje.
Lees verder