Doorgaan naar hoofdcontent

Reaksje op LC-kommentaar `Fries voelen kent geen grenzen’ (bywurke)

FNP
Reaksje op LC-kommentaar `Fries voelen kent geen grenzen' (bywurke)
Ton van der Laan skriuwt yn syn kommentaar fan tiisdei 19 oktober `Fries voelen kent geen grenzen' en hy hat gelyk. Fryslân is iepen foar elk dy't hjir thús wêze wol. Dat minsken dy't de provinsje op in bepaald momint ferlitte it ferfelend fine om as `Fries om utens' beskreaun te wurden is yn it foarste plak spitich foar dizze minsken en wol ús yn it twadde plak net oan. Jo kinne it plak dêr't jo weikomme net útpoetse. Geografysk sjoen binne en bliuwe jo in Fries en wenje jo `om utens.'
Lees verder

FNP yn ferset tsjin trochsleine regeljouwing
Al skoften ferset de FNP him tsjin trochsleine regeljouwing dy´t it foar frijwilligersorganisaasjes dreech makket om foar de mienskip wichtige eveneminten te organisearjen. Yn 2018 kaam de partij bygelyks mei in `Meldpunt foar bedrige tradysjes.´ Dat hat goed fertuten dien en in skoft lang hat it stil west. Oant fan `e moarn.
Lees verder

FNP stelt Nederlânske regear yn fersom om Frysk
De FNP stelt it Nederlânske regear formeel yn fersom (`in gebreke`) om`t in part fan de Wet Gebrûk Fryske Taal noait offisjeel yn wurking set is. It giet om it artikel dat yn de prosessen ferbaal fan de rjochtbank alles ek yn it Frysk opskreaun wurde moat sa`t it yn it Frysk sein is. De FNP hat de ynfersomstelling yntsjinne mei in brief oan de ministers Dekker foar rjochtsbeskerming en Grapperhaus fan justysje.
Lees verder