Doorgaan naar hoofdcontent

Stipe foar FNP pleit kontenerfeiligens op polityk kongres Gran Canaria

FNP
Stipe foar FNP pleit kontenerfeiligens op polityk kongres Gran Canaria
Alle moasjes fan de FNP op it jierlikse kongres fan de European Free Alliance (EFA) binne oannommen. De Europeeske regionale partijen fan de EFA wiene benammen te sprekken oer de moasje foar mear kontenerfeiligens nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoë boppe de Waadeilannen. De EFA hat fierder FNP'er Frank de Boer keazen yn it bestjoer. Hjirmei hâldt de FNP streekrjocht ynfloed op it belied fan dizze Europeeske politike partij.
Lees verder

NIJE DATUM: Presintaasje yn Wurdum oer ferbettering ynfrastruktuer (bywurke)
Tiisdeimiddei 31 maaie sil yngenieur Piet Muijzert yn Hotel Duhoux yn Wurdum prate oer syn foarstellen om de ynfrastruktuer fan Fryslân en Noard-Nederlân te ferbetterjen. De FNP hat him útnûge om syn plannen út te lizzen oan de Steateleden fan de FNP, de oare partijen yn Provinsjale Steaten en fierdere belangstellenden.
Lees verder