It tilt op it stuit op fan de greidefûgelpiken yn it fjild. Troch de drûchte wurdt de boppegrûn hurd. De fûgels komme net goed by har iten sa. In plas-dras op it lân is in goed middel om hjir wat oan te dwaan. De Steatefraksje fan de FNP wie dit wykein yn de omkriten fan Raerd. Wy seagen hjir hoe`t it agrarysk natuerbehear fertuten docht.
Moarnmiddei sil yngenieur Piet Muijzert yn it doarpshûs fan Marsum prate oer syn foarstellen om de ynfrastruktuer fan Fryslân en Noard-Nederlân te ferbetterjen. De FNP hat him útnûge om syn plannen út te lizzen oan de Steateleden fan de FNP, de oare partijen yn Provinsjale Steaten en fierdere belangstellenden.