Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Teleks: DINGtiid uteret soargen oer besunigings

ensafh
Teleks: DINGtiid uteret soargen oer besunigings

DINGtiid uteret soargen yn brief oan DS oer oankundige grutskalige besunigings op Fryske taal en kultuer

Koartlyn ha Deputearre Steaten grutskalige besunigings fan 2025 ôf oankundige. Foar Fryske taal en kultuer giet it om 1,6 miljoen it jier op strukturele middels, dy't no 10,3 miljoen berinne.

DINGtiid tidiget derop dat Deputearre Steaten taljochtsje hoe't hja tinke de besunigings útfiere te kinnen sûnder de takomst fan de taal skea te dwaan, en mei dy taljochting net te wachtsjen oant it steatedebat oer de begrutting foar 2023, it jier dêr't Ryk en Provinsje in nije BFTK yn ûntwerpe sille, foar de perioade 2024-2028.… Lês fierder

Lees verder

Kyk 's wat ik fon op 'e sôlder (1)

In de achterkamertsys fan ôns argyf fonnen wij lessen allegaar opstellen die't ooit skreven binne foor 't eksamen Bildts. Dat waar 'n heerlike ferrassing. En dan prate wij over opstellen die't soms wel dartig jaar oud binne. Der mosten wij fansels wat met doen. En dat doen wij ok. Wij hewwe d'r foor koazen om 't opstel soa te laten soa't 't oorspronklik skreven is. Hierbij 't opstel fan Dirk A. Reitsma.

Lês fierder by Jan de Groot op Stichting Bildts Aigene… Lês fierder

Lees verder

Willem Schoorstra: Jou it Fryske ferline takomst

De Fryske skiednis wurdt marzjinalisearre, de ynwenners fan Fryslân hawwe gjin stim en witte amper wat fan de eigen skiednis. Skriuwer Willem Schoorstra ropt de steat én de Friezen op, om it Fryske ferhaal te fertellen. Want ferhalen jouwe it libben wearde. Hy skreaun dizze tekst yn it ramt fan it projekt Tiidmasine.

tekst Willem Schoorstra

Alles draait om ferhalen. Ferhalen binne like fûneminteel foar de minske as iten en drinken. Miskien noch fûneminteler, want iten en drinken hâlde ús yn libben, mar ferhalen jouwe dat libben wearde. Dy meitsje ús ta wa't wy binne, foarmje ús identiteit troch ús in achtergrûn te jaan, in skiednis.… Lês fierder

Lees verder

Kollum Jan Schokker: Murdejachtfûgel

It wie in mystearje. Fan it begjin ôf oan hong der in penetrante, goare stank yn 'e hal fan it hûs yn Nijhoarne dat wy net sa lang lyn kocht hiene. Earst tochten wy dat it kaam trochdat it in hiel skoft net bewenne west hie. De stank wie trouwens net altyd like slim en ûnder de ferbouwing troch bemong de lucht him moai mei de frisse swietrook fan saus, ferve en sitroenryk skjinmakkersguod. Under de flier ûntduts ik wol in ôfknapte ôffier. Ik tocht doe noch dat it euvel wol oplost wêze soe as de rook fan jarre him ta stik- of fynstof fertinje soe, mar nee, it stjonken bleau hingjen en it mystearje allyksa.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: Geart Tigchelaar 'Ballade fan Noardeast / Ballade fan Noardeast'

Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
It fers hat de dichter ferline jier skreaun nei't er mei de fyts fjirtjin dagen alle doarpen yn de gemeente Noardeast-Fryslân oan west hat.
De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.

Besjoch it filmke op RIXTLês fierder

Lees verder