Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Teleks: Lêste grutte toernee Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra

ensafh
Teleks: Lêste grutte toernee Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra

De Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra stiet yn 'e startblokken foar har lêste grutte toernee fan har amtstermyn. Se sil by mar leafst 40 skoallen del yn de gemeente Súdwest-Fryslân dy't allegear fan harren gemeente de 'Lêskoffer' fol Fryske berneboeken kado krigen ha! No freed is de ôftraap op de RK Daltonschool Sint Martinus yn Makkum.

Lês fierder by Boeken fan Fryslân Lês fierder

Lees verder

Ypk fan der Fear: in nije yntroduksje op har wurk, sûnder podcast

Guon Fryske skriuwers hiene in grutte reputaasje doe't se noch libben, mar der is hast gjinien mear dy't se hjoeddedei noch lêst. Lipkje Post-Beuckens (1908-1984), as romanskriuwster bekend ûnder de namme Ypk fan der Fear en dichtsjend ûnder it pseudonym Ella Wassenaer is dêr in foarbyld fan.

Twa fan har omfangrike romans lykas Ta him dyn bigearte (1949), De breugeman komt (1953) binne destiids sels yn Nederlânske oersetting ferskynd en waarden lanlik goed besprutsen. Dat komt grif troch de nijsgjirrige godstsjinstige en eroatyske tematyk dy't Ypk fan der Fear yn de Fryske literatuer yntrodusearre. De breugeman komt giet oer de earste minnistefroulju dy't troch de 16de iuwske oerheid ferfolge waarden en is op histoaryske boarnen basearre.… Lês fierder

Lees verder

Blog Johan Veenstra: Boottocht (9)

Et is vandaege 25 jaor leden dat preenses Diana verongelokte. Ik wete nog percies waor a'k was doe 'k dat bericht heurde. Ik lag op bedde en zette de radio an veur et ni'js van elf ure en dan et pergramme Mit et oge op morgen. En doe kwam die vreselike tiedinge. Veur altied zie 'k de beelden van de begraffenis veur me. Die beide joongies lopende aachter de kiste mit heur moeder en bekeken deur miljoenen meensken over de hiele wereld. Vreselik! De traonen scheuten me doe in de ogen en dat gebeurde weer doe Elton John Goodbye Englands rose zong.… Lês fierder

Lees verder

Skriuwster Janny van der Molen waard yn Moskou útnûge foar ferhaal oer Gorbatsjov: "Foar my wie hy in held"

Doe't skriuwster Janny van der Molen yn 2011 yn Moskou wie, ferwachte se dat minsken dêr – krekt as yn it Westen – in posityf byld fan Michail Gorbatsjov ha soenen. "Mar se sjogge dêr hiel oars nei him."
Van der Molen hie yn har boek 'Helden' omtinken foar ûnder oare Gorbatsjov, de lêste lieder fan de Sovjet-Uny. "Foar my wie hy in held", seit Van der Molen. "Wat him in held makke, wie dat er besleat om net yn te gripen, doe't it folk om feroaring frege."
Yn Hongarije en Tsjechoslowakije barde dat earder wol: foargongers fan Gorbatsjov stjoerden dêr militêren en tanken nei ta, doe't it folk yn opstân komme woe.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: Corona dreunt noch nei yn kwetsbere kulturele sektor, op foarjûn nije seizoen

Wer as fanâlds nei it teäter, in konsert of it museum: der is wer folop keuze. It kulturele seizoen giet sneon yn Ljouwert offisjeel fan start mei it evenemint Uit in huis. 'As fanâlds' dus, mar de fraach is oft dat sa bliuwt, want de ûnwissichheid oer corona is net fuort.
De turbulinte coronajierren dreune noch flink nei yn de kultuersektor. De museumbesites binne noch net op it âlde nivo en de teäters fernimme dat it publyk in soad op it lêste momint in kaartsje keapet.
Boppedat is der noch de driging fan de opleving fan corona yn de hjerst en de winter.… Lês fierder

Lees verder

Waarom je zoveel mogelijk afwijzingen moet verzamelen als je gepubliceerd wilt worden

Je wil gepubliceerd worden in tijdschriften, bundels of een schrijfwedstrijd winnen of zelfs een boek uitgeven. Makkelijker gezegd dan gedaan, helemaal wanneer een writer's block toeslaat of je simpelweg last hebt van uitstelgedrag. Een interessante uitdaging om met jezelf aan te gaan, is een doel zetten: Dit jaar ga ik 100 afwijzingen verzamelen…

Lês fierder by Schrijven Online Lês fierder

Lees verder

Sample Text bringt Fryske rap mei Gysbert Japicx as ynspiraasje

Under de namme Sample Text hat Pieter Zijlstra lêsten syn album 'Gysbert' presintearre. De jonge Koudumer brûkt bewust de Fryske taal. "Ik wol myn stientsje oan Fryske hiphop bydrage."
Yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn wie de presintaasje. "It wie in moai feestje mei 150 man. Neist famylje en freonen wienen der ek minsken dy't ik net koe. Der wie in jonge by fan in jier as tolve of fjirtjin en dy koe al myn teksten. Der binne dus minsken dy't myn muzyk draaie dy't ik net sels ken. Dat is in gek gefoel."
Yn 2018 skreau Zijlstra syn earste nûmer oait, en dat die er fuort yn it Frysk.… Lês fierder

Lees verder