Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Teleks: Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op

ensafh
Teleks: Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op

Fan 6 septimber ôf lûke dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei 'Portretten in Poëzie' doe't er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr tegearre gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân.… Lês fierder

Lees verder

Besprek Sipke de Schiffart – In running gag om te gûlen

Het titelgedicht, 'In running gag om te gûlen', van deze tweede dichtbundel van Sipke de Schiffart is meteen het eerste gedicht van de bundel. In het gedicht wordt een verhaal over ene Leffert Jagersma verteld. Die was eind jaren zestig met een paar anderen aan het vissen. Toen hij een vis ving, haalde hij hem niet van de haak en achter het riet liet hij de vis aan de haak stiekem direct weer in het water. Even later viste hij dezelfde vis weer op. Dat herhaalde zich eindeloos vaak, omdat er telkens om gelachen werd. Het gedicht eindigt met de strofe:

Lês fierder by besprekker Jelle van der Meulen Lês fierder

Lees verder

Fakânsjeperikels

Dizze drûge en drege simmer gjin better plak as in pear wike útfanhúzje tusken de grouwe muorren fan in kleaster yn it Teutoburgerwald. De lêste tiid sitte my myn dreamen dwers, dy't ik fan alle kanten ris goed beskôgje en beskikke wol. Dreamen dêr't elk út myn fermidden fan fynt dat ik my der überhaupt net drok om meitsje moat. It hat neat om 'e hakken, sizze se, do makkest fan fearkes yn eigen eagen heule balken yn dy fan de minskheid. Ja duh, ik wol lekker sliepe kinne.

No't de wissichheid begjint troch te kringen dat it mei my oer tsien of tweintich jier beslikke wêze sil, begjin ik mear en mear fan dy dingen te genietsjen dêr't ik mei fertroud bin – myn moaiste boeken, foto's, keunst, muzyk en foaral myn byinoar skarrele wysheden.… Lês fierder

Lees verder