Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Kollum Froukje Sijtsma: Poalske Nika fereale op it Frysk

ensafh
Kollum Froukje Sijtsma: Poalske Nika fereale op it Frysk

It is alle kearen wer in bysûnder gesicht: de optocht fan heechleararen yn swarte toga's troch de stêd. De pedel, dy't de stêf fan de rektor magnifikus fêsthâldt, foarop.
De plechtichheid wurdt bygelyks opfierd by de iepening fan it akademysk jier of by promoasjes en oraasjes. Ut en troch is dizze akademyske tradysje ek yn Fryslân te sjen, bygelyks by de University Campus Fryslân yn Ljouwert. Mar ek yn Frjentstjer moatte je net raar opsjen at sa'n plechtige stoet foarby rint.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Teleks: NS Publieksprijs niet uitgereikt vanwege manipulatie

De NS Publieksprijs wordt dit jaar niet uitgereikt. Volgens de organisatie is het stemproces op grote schaal gemanipuleerd en is het daardoor onmogelijk geworden om de stemming eerlijk te laten verlopen.

Afgelopen weekend werd de stemmodule voor de boekenprijs al een tijdje stilgelegd na berichten dat het mailadres van Tweede Kamerleden werd gebruikt om te stemmen op het boek van Thierry Baudet, Het Coronabedrog.

Lês fierder by de NOSLês fierder

Lees verder

De strideraasje mei mysels

No ja…strideraasje, it falt ek noch wol in bytsje ta, hear. (knypeagjende smiley)

It is net sa dat myn ynderlik oan it fjochtsjen is mei my as in Jakob mei de ingel … ik bedoel mar: myn broer spilet gjin rol fan betsjutting yn dit stik…grapke foar de goed ûnderleine, âldtestamintyske firtuoas.

It hat mear mei it kreative (ik haatsje dit wurd) proses te krijen … de wrakseling tusken deistige realiteit en it werklik op dat stuit meitsjen fan eat (ik sil it mei opsetsin gjin keunst neame want by eintsjebeslút haw ik dêr neat oer te sizzen).

Ik bin immen dy't jimmeroan op 'e tiid op syn ôfspraken is … neffens guon bin ik sels gauris té betiid.Lês fierder

Lees verder

Teleks: LIT-UP, nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje

Kommend wykein giet op it Plaça del Llibre-boekfestival yn Valencia in nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje fan start, yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature. It ynternasjonale projekt LIT-UP rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring.

Doel is om yn 'e mande mei seis oare Europeeske partners ta strategyen te kommen om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk, en dêrta in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: Petear mei Geart Tigchelaar

"It skriuwen sit yn my bebakt", mar Geart Tigchelaar is ta oan wat oars

Geart Tigchelaar (1987) skriuwt romans, gedichten en makket oersettingen. Syn nijste projekt is de oersetting Hear fan 'e miggen nei it Ingelske boek Lord of the flies fan William Golding. Oer it Frysk, skriuwen, muzyk, fytsen, miljeu, Denemarken en syn streekdichterskip praat er yn Noardewyn.
"It oersetten wie wol in drege put", fertelt de yn Damwâld opgroeide Geart Tigchelaar. Hy hat der, al mei al, twa jier mei dwaande west. It idee foar de oersetting kaam by himsels wei. "Ik ha gelokkich in útjouwerij -Hispel – dy't entûsjast oer myn wurk is.… Lês fierder

Lees verder