Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Teleks: Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

ensafh
Teleks: Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy't hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.
It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is hjoed troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra, ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: Utnûging presintaasje Kadoboek Ferdinand de Jong

Achte hear/mefrou,

Hjirby nûgje wy jo fan herte út om oanwêzich te wêzen by de offisjele presintaasje fan it Kadoboek 'De oarloch fan Jan Snip' fan Ferdinand de Jong en de feestlike start de Fryske Boekewike 2022.

Freed 28 oktober, 20:00 oere (ynrin 19:30)
Hof van de Koning, Prinsenweg 1, it Hearrenfean

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan Las Bandidas.

Graach fernimme wy fan jo oft jo by dizze feestlike presintaasje oanwêzich wêze wolle. Opjefte fia: info@boekenfanfryslan.nl.

Boarne: Boeken fan Fryslân Lês fierder

Lees verder

Teleks: Anne Merkuur wurdt universitêr dosint en op termyn nije heechlearaar Frysk

It is Rijksuniversiteit Groningen net slagge om in nije heechlearaar Frysk te finen om Goffe Jensma op te folgjen. Taalkundige dr. Anne Merkuur fan Aldehaske moat it gat no opfolje as universitêr dosint. Sy krijt ek de kâns om op termyn heechlearaar te wurden.
Neffens dekaan Thony Visser fan de fakulteit letteren smiet de sollisitaasjeproseduere gjin beneambere nije professor op. De universiteit wol no yn it gat dat ûntstie troch pensjoen fan Jensma foarsjen troch Anne Merkuur te beneamen as universitêr dosint.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Teleks: Goffe Jensma – "Beneaming Merkuur foar Frysk oan de RUG is snútslach foar it Frysk"

De beneaming fan Anne Merkuur as universitêr dosint foar de stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins is net neffens de regels en in snútslach foar it Frysk. Dat seit âld-heechlearaar Fryske taal en kultuer Goffe Jensma. Hy sprekt fan konkurrinsjeferfalsking.
De universiteit wie offisjeel op syk nei in nije heechlearaar as opfolger fan Jensma. Neffens dekaan Thony Visser fan de lettere-fakulteit smiet de sollisitaasjeproseduere gjin beneambere nije professor op. De universiteit wol no yn it gat dat ûntstie troch pensjoen fan Jensma foarsjen troch Anne Merkuur te beneamen as universitêr dosint.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Poëzij Wobbe Atsma: skeind

 

 

 

De skientme skeind

Bluisterich jaget de wyn
wiete pûsters oer it lân,
op in túnpôle rûgelje
ripe appels út de beam.

Ikels knappe as aaien
ûnder de autobannen,
it is healwei oktober,
hjerstwaar yn 'e Wâlden.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Lees verder

Blog Huub Mous: Het grensconflict van Fokke Sierksma

Dit is de verzetsgroep die in de maanden maart en april 1945 de Duitse Sicherheitsdienst in Leeuwarden afluisterde. Van links naar rechts op de foto staan Lo van der Werf, Lykle van Dijk, Eelke Koopmans, Fokke Sierksma en Teake Kuipers. De afluisterpost was gevestigd in het pand van een boekhandel in de Nieuwe Oosterstraat 9 in Leeuwarden. Ik ben daar gisteren nog even gaan kijken. Een eenvoudige plaquette aan de muur herinnert aan de gebeurtenissen uit 1945:

"Hier in Boekhandel Wielenga was de afluisterpost van het Friese verzet. Van 26 februari tot 15 april 1945 werden in het Burmaniahuis verzetsstrijders die door de Duitsers opgepakt waren gemarteld door de SD.… Lês fierder

Lees verder

Blog Johan Veenstra: Jeanne Bieruma Oosting

Ik hebbe et mooie boek Jeanne Bieruma Oosting en de prentkunst van Peter Kooij en Pieter Jonker now hielemaole lezen en veural ok bekeken. Een prachtig uutgeven boek van de Stichting Nobilis mit tal van ofbeeldings. Et is hiel biezunder om et verhael over heur leven te lezen en ok hiel biezunder om al dat mooie wark bekieken te kunnen in dit boek.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Lees verder