Wat is dat dochs mei dy reklamburo's fan hjoed-de-dei? Jumbo's kreativen sjitte in grouwelige bok mei as boufakkers ferklaaide oranjefans op in bousteiger. Hossende BN'ers en oare figuranten dûnsje der op om en ha blykber nea fan Qatar en de narichheid dêr heard. Of it lit har planút ûnferskillich. Jan Smit, Frank Lammers, rapper Donnie, De Toppers, it Jumbo-Visma ridersteam (mei Jutta en Jorrit), ha dy net oanfield dat sa'n fertoaning op 'e bou net yn heak is? Binne dy sa ûnnoazel? No ja, ...