Fryslân soe besykje moatte om mear gear te wurkjen mei Ostfriesland en Nordfriesland yn Dútslân. Deputearre Sietske Poepjes hat mei de Eastfryske boargemaster Arno Ulrichs ôfpraat om as earste stap in 'ynterfrysk kultuerparlemint' byinoar te roppen foar politisy en bestjoerders út de trije Fryslannen. Mear oparbeidzje leit neffens deputearre Poepjes foar de hân, want de gebieten hawwe mienskiplike woartels én fergelykbere útdagingen. It stribjen is om takom jier foar it earst ...