De Ryksuniversiteit Grins sil him ynspanne om sa as gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok ha dat ôfpraat mei foarsitter Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer fan de universiteit. De RUG makke earder bekend dat professor Frysk Goffe Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar, mar troch Anne Merkuur as universitêr dosint yn dieltiid. Dat beslút wurdt troch in soad minsken sjoen as ...