Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moed opjûn. Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle. As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper! Der sieten se allegearre op in rigele tsjin de muorre oan; froulju as manlju troch in oar hinne. De iene moast knipt wurde en in oare skeard. Der siet ik dan tusken en hie de earen wiet iepen. Hawar. As lêste klant fan de ...