Doorgaan naar hoofdcontent

Blog Koos Tiemersma: It jier fan de oaljefant

Blog Koos Tiemersma: It jier fan de oaljefant
It jier fan de oaljefant Nei de publikaasje fan myn eigen longlist (sjoch myn blog hjirfoar) krige ik op Facebook en ek yn de kuiergongen aardich wat respons. Suggestjes, ynstimming, fraachtekens, allerhanne reaksjes kamen foarby. Sa waard gauris wiisd op oare boeken dy't maklik op myn list stean kind hiene. En it is wier, der hie folle mear by kind. Wêrom ha 'k dat net dien, wêrom it iene boek al en it oare net? Nochris: de gearstalling fan myn longlist is net mear as in rychje boeken dy't kwa ûnderwerp, styl of om oare redenen opfalle, mear net. In kwaliteitsoardiel is it yn alle gefallen net, dan hie myn longlist der wierskynlik krekt wat oars útsjoen.… Lês fierder Lees verder

Dei fan de Oerwinning
Op it Sjoernaal wie yn 'e oanrin nei 9 maaie al in Moskouse apotekersassistinte te sjen dy't wurden tekoart kaam. As ik dêr hikke en tein wie … hie ik dan ek pikefel en in brok yn 'e kiel krigen by de parade en Poetins taspraak? In brok yn 'e kiel, seker doe 't ik op tv de bylden derfan seach. Mar dat kaam mear om't ik kotsmislik waard fan dat militêre machtsfertoan. Diskear mei mar ien tank, mar wol wer opkloppe leagens fan Poetin mei deselde ridels as altyd. In suver sneue fertoaning tusken al dy humorleaze gesichten ûnder grutte hoera-petten.… Lês fierder Lees verder

Wil je het laatste nieuws in jouw mailbox?
Meld je dan aan voor de dagelijkse of wekelijkse nieuwsbrief.